Nijs & tips

subnav3Doel

It doel fan dit tema sit eigentlik al opsletten yn de titel: Libje yn Frijheid. Yn ús lân liket it in fanselssprekkendheid dat der yn frede libbe wurdt. Teminsten as men sjocht nei hoe lang it lyn is dat de Twadde Wrâldoarloch ôfrûn is. Foar in protte lannen yn de wrâld kin dat net sein wurde. Fan dy ‘ûnfrede’ dêr is ek yn ús lân mear of minder wat fan te fernimmen.

De opset fan dit boekje is om in oersjoch te jaan fan it ûntstean fan de Twadde Wrâldoarloch, wat dy oarloch te wei brocht hat yn benammen negative sin, mar ek yn de sin fan (sels)opoffering yn de striid tsjin geweld en ûnderdrukking.

De Twadde Wrâldoarloch yn de eigen streek is te belibjen troch de opdrachten  oer oarlochsmonuminten, ûnderdûkers en opfang fan (honger)flechtelingen te meitsjen. De stap nei hjoed de dei kin dan maklik makke wurde. Yn de keuzeopdrachten binne nammentlik  in protte mominten mooglik fan  besinning op minder positive  situaasjes. Fier fuort en tichtby.

As ôfsluting foarmet it liet Libje yn Frijheid in sjongsum slot fan it projekt. Boppedat  draacht de ynhâld  fan it liet grif by ta it besef te libjen yn in hiel bysûnder part fan de wrâld.