Nijs & tips

subnav3Materialen - boekje Libje yn Frijheid

By de útjefte fan it lear/wurkboek ‘Libje yn Frijheid’ is it boekje ‘Esther, in dapper Joads famke’ ferskynd. It beskriuwt it ferhaal fan in Joads famke út Amsterdam dat yn de Twadde Wrâldoarloch yn Gaasterlân in feilich thús krijt. It ferhaal jout net allinne in byld fan wat it famke yn dy tiid troch- en meimakket, mar ek wêr’t har Fryske ‘heit en mem’ en de minsken dêr omhinne foar stean.


De illustraasjes fan Janny Bruinsma fersterkje it ferhaal op in bysûndere wize. Troch stipe fan de provinsje Fryslân is it mooglik wurden dat alle bern fan groep 8 yn Fryslân dit boekje als ‘betinkingspresint’ krigen ha.

materiaal boekje esther1
materiaal boekje esther2materiaal boekje esther3

materiaal boekje esther4materiaal boekje esther5